Skip to main content

Carrito de compra

¡Obtienes el tratamiento VIP!

Artículos no disponibles para compra.
Por favor revisa tu carrito. Puedes eliminar los artículos no disponibles ahora o los eliminaremos nosotros automáticamente al momento de pagar.
artículosartículo
artículosartículo

Recomendado para ti

Loading...
Descubre nuestras recomendaciones
Descubre nuestras recomendaciones
Descubre nuestras recomendaciones
  • De sûnde fan Haitze Holwerda

    Dit boek spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. It akkordearret net tusken harren. Holwerda fynt de mannen te mûlryp en te selsbewust. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêr't de boer slach op slach yn ferliest. As it wurk earder dien is as foarsjoen jout er de Bilkerts dien, tsjin de ôfspraken yn. It konflikt rint heech op. By ... Leer más

    $129 MXN

  • De jacht

    Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, omt er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dyt maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op ... Leer más

    $169 MXN

  • Skiednis fan de Fryske biweging

    Skiednis fan de Fryske biweging is it earste folsleine boek oer de `Fryske beweging'. Under dat begryp falle alle organisaasjes en minsken dy't har ynsetten hawwe om it Frysk mear earmslach te jaan. Van der Schaaf krige yn 1972 fan de Fryske Akademy de opdracht om it boek te skriuwen; hy wie doe krekt mei pinsjoen. Syn doel wie nei te gean wat de gefolgen en fertuten west hiene fan it `yn it ... Leer más

    $189 MXN

  • Swart op wyt

    Femke is de dochter fan Ida, dy't har krige doe't se santjin wie. Wa't har heit is wit se net, en Ida wol it net fertelle. Femke groeit op by Beppestyn, Ida har mem. As famke fan sechtsjin begjint Femke `yn opdracht fan har horoskoop' in deiboek te skriuwen. Dêr docht se ferslach yn fan de syktocht nei harsels en alles wat in puber dwaande hâldt. Beppestyn hat in kosthûs en Femke en de trije ... Leer más

    $129 MXN

  • Koartsluting

    Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om fan syn skuld ôf te kommen... Harry rekket betize yn syn eigen leagens en dat soarget foar ... Leer más

    $109 MXN

  • Brieven oan us mem

    Ik fyn dat san prachtich idee, mem. Troch te beseffen dat al it oare ek it Iene is, falle alle tsjinstellings fuort. Want ik bin myn meiminske en myn meiminske is my yn in oare foarm. De pine en de blydskip fan alle oare skepsels binne ek myn pine en blydskip. Dat is hast de letterlike betsjutting fan de opdracht fan Jezus: `Haw God leaf boppe alles en dyn neiste as dysels. God boppe alles ... Leer más

    $189 MXN

  • De bijekening

    Bouwe Caesar Hommema, in wat twiveleftige profeet, is in nijljochter dy't stúdzje makket fan it bijefolk. Hy siket it geheim fan har perfekte wurkferdieling en wûnderlik goed regele libben én stjerren. As hy dat geheim ûntriedselje kin, wol er dat ek op de minskemaatskippij tapasse. Hommema is in man mei in geniale ynslach, mar hy rekket yn betizing. De bewenners fan Trimbeets, it doarp yn de ... Leer más

    $149 MXN

  • De Kaartlizzer

    De Kaartlizzer (1856) fertelt in skiednis fan begearte en bedroch dy't him ôfspilet yn in broeiske sfear fan rabberij, byleauwe en erotyk. It is it ferhaal fan in groeiende spjalt tusken man en wiif. Hy in bolderbast dy't it leauwe ôfsward hat, sy fynynlein, from foar de hân, bang en byleauwich. In kaartlizzer hat har foarsein dat har man stjerre en sy boerinne wurde sil, en dan begjint se út te ... Leer más

    $119 MXN

  • In brulloft yn 'e Walden

    De bondel In brulloft yn de Wâlden is in kar út de bêste proazastikken fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en útjûn ta gelegenheid fan syn 150ste bertejier. Besoargers wiene Freark Dam en Ype Poortinga. Hja neamden him njonken Waling Dykstra de wichtichste folksskriuwer fan syn generaasje. Yn syn wiere ferhalen is de skriuwer neffens de besoargers op syn bêst. Hy jout ek in skat fan ynformaasje oer ... Leer más

    $139 MXN

  • Feroaring fan lucht

    Series series Nije bibliotheek
    Durk Snoad - wa ken him net? Yn 1971 ferskynde Rink van der Velde syn skelmeroman Feroaring fan lucht. It boek waard in klinkend sukses en neffens de ferhâldingen in absolute bestseller. Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad, is de heit fan in húshâlding mei tolve bern en wennet earne djip yn de Sweachster bosken, yn in âld klinte. In asosjale húshâlding, sa soe it spultsje tsjintwurdich bestimpele ... Leer más

    $169 MXN

  • Komme dy kepers? / Boef fan Rys

    Mei Komme dy kepers? (1969) en Boef fan Rys (1972) foege Van der Leeest in nij sjenre ta oan de Fryske literatuer. Yn de boartlike detektiveferhalen oer Nier Hinnebruier en Dynte Planteit lit er syn personaazjes gâns wylde avontoeren belibje. Hja ferkeare derby yn lúkse fermiddens sa't dy net earder beskreaun wiene yn it Frysk. Boppedat moetsje hja de meast nuveraardige typen dy't - lykas hjasels ... Leer más

    $149 MXN

  • Cap Sud

    Cap Sud (sûnder aksint: it is in Frânske namme) giet oer twa freonen, Diderik en Gerl. Gerl sjocht yn in fisoen hoe't syn maat in autoûngelok krijt. Nei in petear mei in âlde frou dy't yn de takomst sjen kin, giet Gerl mei de feint fan syn suster op 'e motor op speurtocht nei Diderik om him dêr foar te behoedzjen. Dy is yn Frankryk op fakânsje. It wurdt in tocht fol aventoeren. Se ha gjin oare ... Leer más

    $129 MXN